Heech oplate lju lûke út Noarden

© Omrop Fryslân
Minsken mei in hege oplieding geane út it Noarden fuort. Sechtich prosint fan de ôfstudearren sykje fuort nei har oplieding erges oars wurk. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Ryksuniversiteit yn Grins.
Studinten dy't yn it Noarden berne binne bliuwe lykwols faker yn de eigen regio. De 'braindrain' soarget net foar problemen foar tekoarten op de arbeidsmerk.