Ein feemerk kostet banen

De ein fan de Ljouwerter feemerken op tiisdei en freed betsjut foar Fryslân in ferlies fan 300 oant 500 arbeidsplakken. Dat seit direkteur de Jong fan de feemerk yn Ljouwert. It ferlies fan de merk is ek in grutte klap foar it FEC.
De Jong is lulk oer it belied fan Brinkhorst. "It wurdt gaos. De hannel dûkt yn de yllegaliteit of giet de grins oer. Net ien is dêrmei tsjinne."