Nea wer feemerk?

De Twadde Keamer draait de strange easken oan de feemerken net werom. De moasje fan CDA'er Joop Atsma waard foar de twadde kear stipe troch de helte fan de Keamer en dêrmei fersmiten.
De easken fan lânbouminister Brinkhorst binne sa strang dat feemerken net mear rendabel wurkje kinne. It betsjut ek de ein fan 'e ferneamde Ljouwerter freedsmerk yn it FEC.