Provinsje wurket net mei

De Provinsje wol gjin ekstra opslachromte foar bistemoal fan destruksjebedriuw Rendac. It bistemoal mei troch de BSE-krisis net mear yn feefoer ferwurke wurde.
De provinsje fynt dat der gau alternativen foar ferwurking fan bistemoal fûn wurde moatte. Ek moatte der regels komme foar de opslach sa't de risiko's beheind bliuwe.