Rendac wol mear opslachromte

Destruksjebedriuw Rendac yn Sumar sit mei de opslach fan diermoal yn 'e mage. It bedriuw kin it moal net mear kwyt om't it fanwege de BSE-krisis net mear yn feefoer ferwurke wurde mei.
Om't der te min opslach is foar restmateriaal, rint de ferwurking fan kadavers fêst. Gemeenten en provinsje moatte neitinke oer nije opslachplakken, fynt Rendac.