Fryske Gea: 'Fergunning ynlûke'

De fergunning foar sânwinning by Lúnbert moat ynlutsen wurde. Dat hat it miljeuplatfoarm Hearrenfean moandei bepleite by de Rie fan Steat. De provinsje hat it bedriuw Ballast Nedam de fergunning jûn en is ek net fan doel dy wer yn te lûken.
It miljeuplatfoarm seit dat it terrein oan de Otterweg by Lúnbert tige kwetsber is. De reade reager briedt der ek.