Gaslek: knal yn wente Ychten

In 50-jierrige ynwenner fan Ychten is sneontejûn ferwûne rekke by in ûntploffing yn syn wente oan de Kommisjepôle. Dy ûntstie doe't de man it gasstel oanstuts. Troch de druk waard de man nei bûten ta slingere.
Daliks dêrnei wie der in útslaande brân. It hûs dêrnjonken moast troch de brânwacht wiethâlden wurde. De technyske resjerzje hat de saak yn ûndersyk.