David Crosby komt nei De Lemmer

De ferneamde Amerikaanske popstjer David Crosby is de haadact fan it Lemmer Beach Festival. Hy stiet pland foar tongersdei 12 july. Crosby waard bekend as lid fan Crosby, Still, Nash & Young en fan de band The Birds.
Oare acts op it fjouwerdaachse festival binne ûnder oare De Kast, Twarres en Band zonder Banaan. Lemmer Beach duorret fan tongersdei oan en mei snein.