Popbunker foar Hearrenfean

It Hearrenfean krijt syn eigen popbunker. Under de namme 'It Muzykfabryk' wol in groepke Feansters op it bedriuweterrein Kanaal plak biede oan minsken dy't muzyk meitsje wolle.
Der is in grut tekoart oan geskikte oefenromte en dêr wolle de inisjatyfnimmers yn foarsjen. It bestimmingsplan moat dan oanpast wurde, mar B&W fan It Hearrenfean wolle dêroan meiwurkje.