Nije boargemaster Ferwerderadiel

© Omrop Fryslân
Ferwerderadiel hat in nije boargemaster. It is de op It Hearrenfean berne Van den Berg. Hy komt út de gemeente De Lier yn Súd-Hollân dêr't er gemeentesiktaris is. De CDA-er siet acht jier foar syn partij yn de provinsjale steaten.
Van den Berg, 50 jier, troud en fjouwer bern, folget Geersing op dy't mei pinsjoen sil. Nije wike freed nimt de GPVboargemaster ôfskied fan syn gemeente.