Kontrakt gemeente oer ferfier

De gemeente Ljouwert rekkent op better stedsferferfier mei yngong fan takom jier. De nije kontrakten mei Arriva en Connexxion binne woansdei tekene.
Arriva fersoarget it ferfier yn de stêd en busmaatskippij Connexxion rjochtet him op ferfier op oanfraach. Foaral handikapten meitsje der gebrûk fan. Ljouwert is de earste gemeente dy't it iepenbier ferfier offisjeel útbesteget.