ATF-direkteur langer fêst

De direkteur fan ATF dy't sneon oanhâlden is, sit noch hieltyd fêst. De rjochter-kommissaris hat tiisdei besletten dat er nochris trije dagen fêsthâlden wurde mei.
By de ôffalferwurker ATF yn Drachten bruts yn maaie ferline jier brân út. De man wurdt fan brânstifting fertocht. In oare direkteur fan ATF is it ôfrûne wykein frijlitten.