Oerol: drok en súksesfol

Oerol hat in súksesfolle tweintichste edysje belibbe op Skylge. Neffens de organisaasje wienen der dit jier likefolle besikers as ferline jier. Sa'n 40.000 kultuerleafhawwers seagen foarstellingen op it strân, yn skuorkes en op strjitte.
De besikers bleaunen yn ferliking mei eardere edysjes dit jier fral langer op it eilân. Ek troch de wike wie it drok.