Blazersensemble oan it oefenjen

© Omrop Fryslân
It Frysk Blazersensemble hat sneon foar de twadde kear oefene. Nei jierren is it ensemble op 'e nij oprjochte troch dirigint Vermaning. Yn de tachtiger jierren ûntstie it NNO troch it Herenakkoart fan Fryslân en Grinslân. Dêrtroch ferdwûn it Frysk Orkest.
It nije Blazersensemble begjint 7 oktober mei in toernee. Dêrby wurde ek oare kulturele dissiplines belutsen.