Plysje Dokkum siket tsjûgen

De plysje siket tsjûgen fan in ûngemak op moandei 11 juny yn Dokkum. In 16jierrige bromfytser út Damwâld en in 38jierrige automobilist út Dokkum rieden om 18.00 oere hinne oer de Bijmsterwei.
De autobestjoerder seit dat de jonge tsjin syn auto oanskopte. De jonge seit dat de automobilist him ôfsnijde en de berm yndrukte. De bromfytser ried it lân yn om oan te man te ûntkommen.