'Jild boeren komt deroan'

© Omrop Fryslân
Boeren yn Ie en Eanjum krije noch dizze moanne har jild foar it fee dat romme is fanwege de tongblier. Dat seit direkteur Oosterveld fan LNV-Noard.
By de boeren is argewaasje ûntstien oer de skeafergoeding. Nei tsien wike ha sy noch mar fyftich persint fan de wearde fan har fee útkeard krigen. Minister Brinkhorst hie earder sein dat nei acht wike alles betelle wêze soe.