Publyk tefreden oer plysje

De plysje yn Fryslân hellet goede rapportsifers by it publyk. De beskikberens en de wize fan optreden is de lêste jierren ferbettere. Boppedat is it tal ynbraken, stellerijen en buertproblemen tebekrûn.
De sifers stean yn de saneamde Plysjemonitor dy't woansdei yn Ljouwert presintearre is. Oan dit lanlik ûndersyk diene 10.000 Friezen mei.