Plysje ûndersiket reboelje

De plysje Fryslân hat tolve resjersjeurs ynset om de reboelje yn de Seeheldebuert yn Ljouwert te ûndersykjen. Dy ûntstie foarige wike nei't in 14-jierrige jonge syn geslachtsdiel sjen liet oan trije famkes.
De buertbewenners rekken sa oerémis dat se de auto fan de jonge syn famylje yn 'e brân stutsen. Ek syn hûs brânde hast ôf om't de brânwacht hindere waard.