Fiskstreuperij noch lang net oer

Fryske angelders hawwe skjin har nocht fan de fiskstreuperij. It Ryk hat Fryslân as proefgebiet oanwiisd yn it antystreuperijbelied. De wetterplysje fan Snits hat tsien minsken op de saak set. Mar de sportfiskers sizze noch rûnom yllegale fûken oan te treffen.
De Fryske Federaasje fan Sportfiskers tinkt moandei op in gearkomste nei oer mooglike aksjes.