Nije sponsor foar SC Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Sportclub It Hearrenfean hat in nije haadsponsor: Univé. De fersekeringsmaatskippij sil syn namme foar fjouwer jier oan de club ferbine, wat útsûnderlik lang is foar in sponsorkontrakt yn de fuotballerij.
Sponsor-oant-no-ta UPC lûkt him earder werom as doel wie. It kabelbedriuw seit no al genôch nammebekendheid te hawwen. UPC bliuwt co-sponsor by 't Hearenfean.