Imam en COC om 'e tafel

Imam Onlü fan Ljouwert hat yn in petear mei it COC Fryslân nochris útdruklik ôfstân naam fan de útspraken fan syn Rotterdamske kollega. Neffens Onlü toane dy syn útspraken oer homoseksualiteit ûnbegryp en gebrek oan respekt.
Yn it petear is ôfpraat dat it COC in brosjuere oer homoseksualiteit yn it Turks en Arabysk útjaan sil. Dat moat it begryp by islamiten fergrutsje.