Soarch ynearsten posityf oer cao

De aksjekomitees fan 'e sikehuzen yn Noard-Nederlân binne posityf oer it prinsipe-akkoart foar de nije cao. Benammen de leansferheging fan 5,5 prosint op jierbasis falt der goed yn.
De fakbûnen hâlde dizze wike ledegearkomsten yn Fryslân, Grinslân en Drinte oer de nije ôfspraak. Sikehûspersoniel kin dêr syn miening jaan oer de foarstellen.