Bertilla makket romte foar bêden

Ferpleechhûs Bertilla yn Drachten hat in tal kantoarromten omboud ta ferpleechsealen om sa de wachtlist foar pasjinten werom te bringen. Op dit stuit bestiet de wachtlist út 125 minksen. Dat is foar Fryslân in rekord.
Guon dokters sille no meiïnoar kantoarromten diele. Sa binne 20 bêden ekstra kreëarre. Oare plannen binne nijbou foar 36 bêden en in dependance op 'e Gordyk.