Sykaksje nei drinkeling

Der hat snein op it Waad by Skier in grutte sykaksje west nei in drinkeling. Sneintemiddei om healwei fjouweren kaam by de kustwacht in melding binnen fan in eilanner jacht. Men hie by de Engelsmanplaat in drinkeling yn it wetter sjoen.
Dêrop binne fuort in tal rêdingsboaten en in SAR-helikopter nei it gebiet stjoerd. Omdat de drinkeling snein net fûn waard wurdt moandei fierder socht.