Partoer Minnesma wint yn Stiens

By it keatsen yn de frije formaasje snein yn Stiens hat it partoer fan Minnesma wûn. De finale gie tusken Johan Okkinga, Teake Triemstra en Sake Porte tsjin Simon Minnesma, Cor Zittema en Marten Feenstra, dy't Auke van der Graaf ferfong.
Der wienen tsien partoeren. Minnesma-endy ferlearen sneon noch yn Dokkum. No wûnen se mei 5-2 en 6-4.