Trekkers by de 11 stêden lâns

© Omrop Fryslân
Om sân oere freedtemoarn stiene se oan de start: 172 klassike trekkers, ree foar har Alvestêdetocht. Freed tuften de trekkers 150 kilometer yn it súdlike part fan Fryslân. Sneon stie it noardlike part fan 125 kilometer op it program.
Beide dagen wie de start yn Ingelum. De trekkerriders dy't de lange rit útsitte en gjin maleur krije, kinne oan de ein in echt krúske temjitte sjen.