Jongerein jûns bang yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Jongerein fan 12 oant 17 jier is faak bang yn it sintrum fan Ljouwert. Dat is de útkomst fan in twajierliks ûndersyk fan 'e gemeente. De helte fan 'e jonges en 70 prosint fan 'e famkes giet jûns let in blokje om foar 'nuvere, enge types'.
De gemeente wol no wat dwaan oan 'e feiligens yn 'e stêd. Thús fiele de jongeren har noch it noflikst.