Boete foar fûgelwachter Skier

Fûgelwachter Talsma fan Skiermûntseach hat dit wykein in boete krige doe't er fûgels rêde woe. Hy waard snipt troch de plysje en in meiwurker fan Natuermonuminten doe't er it gebiet ynrûn wie dat earder ûnder wetter stie.
Natoermonuminten seit yn in reaksje it spitich te finen dat Talsma in bon krigen hat. Se sille mei Talsma prate en hoopje dat it sa wer yn oarder komt.