Flinterhûs yn Drachten

In flinterhûs is de nije oanwinst fan de bernebuorkerij, De Naturij, yn Drachten. It gebou waard sneon iepene. Der is in eksposysje te sjen fan flinters dy't yn Nederlân foarkomme.
By de flinterútstalling kinne de besikers alles te witten komme oer de ynsekten. Fan de poppen en de rûpen oant de flinters ta. It flinterhûs hat likernôch trije ton koste.