Bestjoersôfspraak wurdt tekene

It ryk en de provinsje tekenje tiisdei de nije bestjoersôfspraak oer Fryske taal en kultuer dy't foar tsien jier jildt. Om't it Frysk as twadde rykstaal erkend is, moat it ryk de taal en kultuer yn stân hâlde en befoarderje.
Der steane ôfspraken yn oer it brûken fan it Frysk op it mêd fan ûnderwiis, soarch, rjochts- en bestjoersferkear. De folsleine tekst stiet op:www.fryslan.nl.