Willem Alexander nei Snits

Prins Willem Alexander komt fan 't simmer nei Fryslân. Hy is op woansdei 8 augustus te gast op de hurdsyldei yn Snits. De KWS, Keninklike Wettersportferiening Snits, bestiet dan 150 jier en it is dan fansels moai om de kroanprins te gast te hawwen op 'e Snitswike.
Grutte fraach is oft Máxima ek meikomt. De Ryksfoarljochtingstsjinst wol har komst noch net befestigje.