Plysje hat gjin tiid foar boetes

It ôfrûne jier binne 100.000 minder ferkearsboetes útdield as ferwachte. It stribjen wie om 205.000 boetes út te skriuwen foar te hurd riden en it riden troch read ljocht. De teller bleau úteinlik by 105.000 hingjen.
Wichtichste oarsaak is it tekoart oan plysjes dy't de boetes jaan moatte. Dat docht bliken út it jierferslach fan it Iepenbier Ministearje yn Ljouwert.