Belestingen It Bilt gean omheech

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan It Bilt moatte takom jier djipper yn 'e bûse taaste foar gemeenlike belestingen. De gemeente wol de wegen ferbetterje en mear personiel oanlûke. Dêr is jild foar nedich. Dat stiet yn 'e Perspektyfnota dy't de ried tongersdei oannaam.
Benammen de ûnreplikguodbelesting giet fiks omheech. It Bilt sit sa krap by kas dat der amper rûmte is foar nij belied.