Mear jild foar jonge bern

De bern fan twa oant seis jier yn de gegemeente Achtkarspelen kinne nei de simmer dochs mei learen begjinne. It foarskoalske projekt giet troch om't de steatssiktaris fan Underwiis sein hat dat al it jild út de pot fan achterstannebelied der foar brûkt wurde mei.
No kin de gemeente it folsleine budzjet fan mear as in ton oan de bern bestege. Earder wie dat hast de helte minder.