Dantumadiel jout dûmnys jild

© Omrop Fryslân
Dantumadiel sil in reiskostefergoeding jaan oan dûmnys dy't fan fier komme moatte om les te jaan oan iepenbiere skoallen yn de gemeente.
De predikanten út Dantumadiel sels hawwe it faak net mear oan tiid om godstsjinstles te jaan. Dêrom moatte de 4 iepenbiere skoallen yn de gemeente hieltyd faker in berop dwaan op it Katechetysk Sintrum yn Ljouwert.