Húskes op strân Flylân

Op Flylân kinne rekreanten no ferbliuwe yn mobile húskes op it strân. Op it eilân binne trije fakânsjehúskes delsetten. Nei 6 jier is dit projekt einlings wurklikheid, al is it foar in proef.
De gemeente Flylân ferwachtet net dat de natuer der bot fan te lijen hat. Boargemaster Van der Mark sil ek meidwaan en in pear nachten yn sa'n húske sliepe. De earste echte gast komt út Grins.