Keunstwurk yn Rottefalle

It keunstwurk fan Gerrit Terpstra is troch wethâlder Van Pelt yn de Rottefalle ûntbleate. It keunstwurk stiet oan de Brouwersgrêft en bestiet út fiif objekten dy't op in ôfstân fan 50 meter yn in rige opsteld stean. Se symbolisearje meiinoar de skiednis fan de turfôfgravings yn de Rottefalle.
Alle doarpen yn de gemeente Smellingerlân hawwe of krije in keunstwurk.