Wethâlder bliuwt nei jildtekoart

© Omrop Fryslân
De grutste fraksjes yn de Ljouwerter gemeenteried hawwe it fertrouwen yn wethâlder De Haan útsprutsen. Har posysje wie faai kommen te stean nei de kwestje mei de ûnreplik guod belesting.
De wethâlder mei oanbliuwe om't de fout by de amtners lei dy't har ferkeard ynformearre hienen. It kolleezje hat de kwestje goed oplost nei't it tekoart fan fiif miljoen gûne ûntstien wie.