Wer winst foar Van Tuinen en dy

It partoer fan Pieter van Tuinen, Chris Wassenaar en André Kuipers hat snein de frije formaasje keatspartij yn Doanjum wûn. Yn de finale fersloegen se Johan Okkinga, Sake Porte en Teake Triemstra mei 5-4, 6-4.
It wie dit jier al de tredde winst foar Van Tuinen en dy, yn fjouwer frije formaasje partijen. Tredde yn Doanjum wiene Berkepas, Van der Woud en Terpstra.