Minne generale foar Cambuur

Cambuur hat sneon de lêste wedstriid fan de kompetysje ferlern. Yn Volendam waard it 4-1. Nei de goede rige wedstriden, wie it it twadde grutte ferlies op rij. Ferline wike ferlearen de Ljouwerters mei 1-5 fan Excelsior.
Cambuur hat dizze kompetysje 54 punten helle, einige dêrmei as fjirde en spilet no yn de neikompetysje. De Freitas is mei 14 goals clubtopskoarder wurden.