Skriuwster Hylkje Goïnga stoarn

Skriuwster Hylkje Goïnga, berne yn 1930, is tongersdei nei in koart siikbêd yn it Antonius sikehûs fan Snits ferstoarn. Hylkje Goïnga kaam yn 1958 by it kultureel moanneblêd De Strikel te wurkjen, dêr't se ek einredakteur fan west hat.
Se is foaral bekend wurden mei koarte ferhalen. Fan har hân binne ek in roman, berneboeken en dichtbondels ferskynd. Ek hat se in tal toanielstikken skreaun.