Opnij stakings yn sikehûzen

Pasjinten en bewenners fan de Fryske sikehûzen en ferpleechhûzen moatte takom wike opnij rekken hâlde mei stakings. Dy stean pland yn Ljouwert, Dokkum, Drachten, It Hearrenfean en Noardburgum.
It personiel leit it wurk del foar in dei of in pear oeren. De ûnderhannelings oer in nije CAO hawwe noch altyd neat opsmiten. De fakbûnen easkje mear lean as de ynstellings biede wolle.