Problemen op Witakkerskoalle

© Omrop Fryslân
De CDA-fraksje hat skriftlik fragen steld oan Deputearre Steaten oer de Witakkerskoalle yn Riis. Op de skoalle sitte bern mei gedrachsproblemen. De neiskoalse opfang moat ticht, no't gemeenten en provinsje gjin jild mear jouwe.
De provinsje draait de subsydzjekraan ticht om't de opfang ûnder Jeugdzorg Friesland falle soe. Dy sizze lykwols gjin groepen bern oernimme te kinnen.