Sealesintrum St. Nyk te lyts

Sealesintrum Sint Nyk moat foar sa'n 1,2 miljoen útwreide wurde. It gebou is no te lyts: in protte ferienings meitsje gebrûk fan it sintrum. De need is it heechst foar de pleatslike muzykferiening De Harmonie. Sy sitte ferlegen om opslach foar ynstruminten.
De bouplannen binne al oanbean oan 'e gemeente Skarsterlân. As alles meiwjirret, kin der takom jier boud wurde.