Wurdt Tsjalbert opslokt?

De gemeente It Hearrenfean hâldt moandei in foarljochtingsjûn oer it nije bedriuweterrein by it klaverblêd oan 'e A7. Dat sil wêze yn kafee De Streek yn Tsjalbert en it begjint om 20.00 oere.
Nei in taljochting op de plannen en de proseduere kin der fragen steld wurde. It bedriuweterrein 'Noardeast' komt deunby it doarpke Tsjalbert te lizzen.