José v/d Veen tredde yn Amearika

© Omrop Fryslân
José van der Veen is sneon by de WestAmerikaanske studintekampioenskippen yn Fresco tredde wurde op de 800 meter. De Drachtster atlete sette in nij persoanlik rekord del: 2.06,48. Dy tiid bringt har wer wat tichter by de limyt foar it EK foar froulju oant 23 jier (2.06,00).
Friezinne Anita Looper fan Aldeberkeap rûn yn Fresco de 5 en de 10 kilometer. Op beide ôfstannen waard se fyfde.