Wjukken foar Achlumer mûne

De mûne fan Achlum kriget lang om let dochs wjukken. Nei tweintich jier fan praten kriget de stifting Fryske Mûne seis ton foar de rekonstruksje en restauraasje. De mûne is oanfretten troch de bûnte kjifkrobbe.
It jild wurdt earst yn 2005 beskikber steld. De stifting is bliid dat der skot yn 'e saak sit. Der is al in fergunning fan 'e gemeente Frjentsjerteradiel.