Turfrûte wer iepen foar boaten

© Omrop Fryslân
De toeristyske farrûte yn súdeast-Fryslân is fan woansdei wer iepen. Deputearre Van Klaveren die de offisjele hanneling troch de brêge omheech te draaien.
Om mear boatsjefarders nei de Turfrûte te lûken, is in ynformaasjepakket makke. Alle jierren komme sa'n 2500 boaten oer de Turfrûte. Mei folders, in nije rûtekaart en nije ynfommaasjebuorden moat de Turfrûte mear bekendheid krije.