Gjin fjoerwurk yn Ljouwert

It tradisjonele fjoerwurk oan 'e ein fan 'e merke op it Saailân yn Ljouwert, is dit jier op it lêste momint ôfsein. It bedriuw dat it fjoerwurk fersoarget, sjocht gjin kâns te foldwaan oan de skerpere regeljouwing.
It fjoerwurk waard altyd ôfstutsen by it gerjochtsgebou. De taskôgers moatte no lykwols op in pear 100 meter ôfstân stean en dat kin dêr net.