Gerard Tonen ferlit Harmonie

© Omrop Fryslân
Gerard Tonen nimt ôfskied as direkteur fan de Harmonie. Yngeande 1 septimber wurdt Tonen mei-direkteur fan Orpheus, de skouboarch fan Apeldoorn. In ekstra útdaging foar Tonen is it feit dat dêr de kommende tiid in nij teater komt.
Tonen hat alve jier direkteur fan de Harmonie west. Yn dy tiid is de nijbou realisearre en is De Harmonie útgroeid ta in bloeiende skouboarch.